Frysk Sinte Klazeboek

Gearstald fen E. S. de Jong, (Eelke Simens de Jong 1918-2001)
De bânteikening is fen L. de Vries
De printsjes binne fen L. de Vries en E. S. de Jong
Útjouwer A. J. Osinga - Boalsert, 1945

Ynhâld:

Sinteklaes op it hynder (J. K. Dykstra) In mannich riedlingen (E. S. d. J.)
Sinteklaes op 'e belleslide (E. S. d. J.) Sinteklaes Kapoentsje (folksmûle)
It djûre boartersgûd (A. Meester-de Vries) De trouwe ridder (A. M. Wybenga)
Sinteklaes op 'e ezel (E. S. d. J.) Foar 5 Desimber (Sljucht en Rjucht 1919)
Noch in paer ferskes (folksmûle) It frjemde reis fen Sinteklaes (bikoarte)
Blêdfolling (âld ferske út in almenak fen 1671) Oplossing fen 'e riedlingen (E. S. d. J.)
De nije reedtsjes (W. J. Koopmans) Sinteklaes en Piter (Sljucht en Rjucht)
Spotferske (folksmûle) Fiif Desimber (Stim fen Fyslân 1941)
Hy tillefoanearde mei Sinteklaes (Heitelân) Sinteklaessankje (C. Wielsma)
Sinteklaesferske (Fodtsjes en flardtsjes) Marijke hjar Sinteklaes (Ypk fen der Fear)
Duikeman syn brief oan Sinteklaes (J. J. Hof) De Stomboat (Sljucht en Rjucht)
Sinteklaes to gean (E. S. d. J.) Sinteklaes (Stim fen Fryslân 1941)
Dokters Mike's Sinteklaes (nei it Hollânsk
fen Nynke fen Hichtum, biwirke fen E. S. d. J.)
Op 'e wiiste wei (Jekke fen Dyk)
Als folksferske (W. Dykstra: in doaze fol âlde snypsnaren)  


Fragment uit: It djûre boartersgûd
Sinteklaes skrille wekker do't syn hynder ynienen stean bleau. Hy seach om him hinne en fornaem al gau det se forkeard wierne. Hjir moasten se net wêze. Mar it ljocht lokke Sinteklaes ek. Nijsgjirrich stapte er fen syn happe en gyng op it skynsel ôf. Troch it rút seach Sinteklaes in frou sitten. Hja wier drok oan 't naeijen. Sinteklaes seach, det se fen in pear âlde lapkes in knikkertspong makke. Op 'e tafel leine in poppejurkje en in pear wantsjes; det wier siker spil, det se al klear hie.
Sinteklaes gyng tichter by it finster stean om alles mar goed to sjen. By de skoarstien, efter de kachel, stiene trije bakjes elts mei in topke hea der yn. In lokkich glimke laei op it antlit fen de frou wylst hja de lêste tried oan de knikkertspong naeide.
Do't det ek klear wier, fordielde se alles yn de trije bakjes. De knikkertspong kaem yn it middelste, de wantsjes en it poppejurkje yn de bakjes, dy't der njunken stiene. Do gyng se nei de kast en helle der trije taeimantsjes út. Yn elts bakje lei se ien."Hwet scille se moarnier bliid wêze," lústeren sêft hjar lippen.
Sinteklaes hearde it. Dizze bern scoene bliid weze mei it lytse bytsje det se moarnier founen? Sinteklaes tocht oan it djûre gûd, det hy noch bisoargje moast; scoene de bern, dy't det krigen ek sa tofreden wêze? Sinteklaes naem alles yn 'e kamer goed op. Hwet wier it der earmoedich..... En dochs striele de frou hjar antlit fen blidens...... Wiles Sinteklaes dêr sa stie to sjen, krige er in idé. Hy woe dy earmen ek ris lokkich meitsje. Do't it ljocht útgyng, krûpte Sinteklaes stikum troch de skoarstien, en lei hwet fen it djûre spil, det er by him hie, yn de trije bakjes. De wantsjes, it poppejurkje en de knikkertspong naem er mei.....
De oare moarns wierne de trije bern yn it lytse húske al bitiid wekker.
"Meije wy sjen, eft Sinteklaes ek hwet brocht hat, Mem?" rôpen se. Mem sei, det it goed wier. Op hjar bleate foetsjes rounen de bern de kaemer troch. It dûrre net lang ef se hiene de bakjes opsocht. It jonkje det om in knikkertspong frege hie, foun in spoartrein. "Och Sinteklaes hat my net in knikkertspong brocht, en dy hie ik sa graech ha wollen...... ik haw it sa faek ûnder de skoarstien roppen," sei er in bytsje forslein.
"Ik fyn in slieppoppe, mar ik hie sa graech wanten ha wollen, hwent as ik nei skoalle ta gaen, haw ik sa faek kâlde hannen," sei in famke mei triennen yn 'e eagen. It jongste bern, det om in poppejurk frege hie, krige in greate boudoaze. "Dy is wol moai," sei se, "mar nou hat myn earme poppe noch gjin jurk oan, en it is yn 'e winter."
Sinteklaes, dy't yn 'e skoarstien siet, en binijd wier hwet de bern wol sizze scoene fen it moaije boartersgûd det er hjarren brocht hie, hearde der raer fen op. Hiene se den dochs ljeaver det ienfâldige gûd hawn? Hy hie tocht, det se nou yn 'e wolkens wêze scoene. It foel him ôf. Stil en mismoedich gie er út 'e skoarstien wei.
De oare nachts wier Sinteklaes wer op paed. Syn wei gyng wer nei it lytse húske, dêr't er jister ek west hie. Yn 'e bûsen fen syn romme mantel hied er de wanten, de poppejurk en de knikkertspong. Stil gyng er wer troch de skoarstien en forstoppe alles yn de bern hjar klean. Do't de bern de oare moarns de klean oanteagen, founen se it gûd, dêr't se sa'n forlangst nei hiene.
"O, sjoch ris, in knikkertspong," rôp it jonkje. "Dêr kin ik "fijn" myn knikkerts yn dwaen!"
"En ik ha in pear wanten krige...... nou hoech ik gjin kâlde hannen mear to hawwen as ik nei skoalle ta gean," sei it famke bliid.
En myn poppe hat in jurk krige, nou kin ik se deis út en oan klaeije," rôp de lytste. Se wierne alle trije bliid. "Tankje wol Sinte klaes!" rôpen se ûnder de skoarstien. Sinteklaes hearde it en wier tofreden. Hy wist nou, det er net altyd in djûr presintjsje hoegde to jaen om de bern lokkich to meitsjen


Sinteklaes op 'e belleslide
De belleslide jaget
Troch de tjustere joun;
It hynder rint sa trinten,
As hied er mannich prizen woun.

En de bellen klingelje
Troch de hoare nacht;
De stjerren skine sa blier
En it moantsje hâldt de wacht.

Sinteklaes Kepoentsje


Sinteklazeboek

Gearstald fan E. S. de Jong, (Eelke Simens de Jong 1918-2001)
Mei printsjes fan Jekke fan Dyk
Útjouwer firma A. J. Osinga - Boalsert - 1946

Ynhâld:
Brief fan Halbe oan Sinteklaes
Sinteklaes yn 'e fleanmasyn, (A. M. Wybenga)
Fjouwer famkes en Sinteklaes, (Ypk fan der Fear)
Fiif Desimber, (T. Straatsma-Wiersma)
Fan tsien lytse jonkjes, (E. S. de Jong)
It klokje, (A. Meester-de Vries)
Sinteklaes op it dak, (Jekke van Dyk)
Swarte Pyt syn Sinteklaespresintsje, (F. Zylstra)
Hwa?, (A. M. Wybenga)

Fragment ût: It klokje
En sa stiene Sinteklaes en Piter in amerij letter yn it tún fan in sikehûs foar in finster. De gerdinen wiene net earlik oan elkoar ta en sa koene hja yn in kaemer sjen, hwer't jonkje op bêd omwuolle. Syn krolderich hier wie wiet fan swit en syn eagen stiene hol en glêzich yn it smelle antlit. Twa susters wiene by him en bisochten him hwat kalmer to meitsjen. De iene fortelde, dat it gau Sinteklaes wie en dat er dan hwat moais krige, mar dan moast er nou ek sliepe en sêft bigoun hja to sjongen.
Mar it jonkje bleau ûnrêstich en rôp: "Muzyk........! Ik hear muzyk....... ik wol de muzyk hjir ha...... to bring it my hjir.......!"
Dy lêste wurden kamen der smeekjend sêft freegjend út.
De susters seagen elkoar oan en skodhollen, hwant der wie gjin muzyk, it jonkje hie sa'n hege koarts, hy dwile.
Mar Sinteklaes en Piter seagen elkoar ek oan en beide tochten itselde: it klokje.
"Hjir moatte wy it bringe," sei Sinteklaes, "dit bern ropt der om."
"Ja," andere Pyt, "hjir moat it wêze, dit is it rjochte plak en as er de muzyk fan it klokje heart, sil er grif rêstig wurde.
En yn de nacht fan dy fyfte op de sechste Desimber wiene hja drok yn 'e skrep. Alle bern krigen hwat en Sinteklaes wie binijd as it harren ek ôffalle soe, hwat er brocht hie. Dêrom gyng er yn de iere moarn earst nei it bline jonkje ta om stikum to harkjen hwat dy sizze soe. Doe't dy dan fan it bêd ôf kaem, roun hy alderearst op bleate fuotten nei syn geitsje ta, om to sjen hoet it der mei wie. En sjoch, de jonge krige in woartel en Kekke skuorde 'm him dalik ût 'e hannen en bigoun to haffeljen. Doe lake de jonge en bigoun to dounsjen fan blidens. "Myn geitsje is wer better! Myn geitsje wol wer ite, dan hat dy man, dy't hjir lêstenjouns wie, dochs gelyk krigen, o, hwat bin ik bliid!"
Doe roun er hurd nei de kaemer om syn hoazzen oan to dwaen. Mar doe't er de rjochterfoet der ynstekke soe, wie it: hou, der siet hwat yn en forwûndere helle de jonge der in floite út.
It wie mar in gewoan blikken dinkje en doe't der op blaesde, kaem der earst in hiel nuver frjemd lûd út. Mar dy jonge lake en rôp:
"Dat is krekt hwat foar my en ik sil it wol leare."
Doe gyng er nei de teistere streek ta. Dêr wiene de bern al oan 't boartsjen mei de ienfâldige spullen dy't er harren brocht hie, hwat houten bistkes, in dominéspul, in printeboek en in houten weintsje. Mar och, och, hwat hiene se in wille en hwat wiene se bliid! En it famke rôp:
"Hwat ha wy nou ynienen dochs wer in soad moai boartersguod krigen!"
En oeral hwer't Sinteklaes harke, wiene de bern yn 'e wolken, mei hwat er harren brocht hie. En hy hearde in mem sizzen:
"Hwat in gelok, dat bern mei in bytsje bliid to meitsjen binne."
Sinteklaes syn lêste reis wie nei it sikehûs. Doe't er dêr kaem, wie alles noch hiel stil, it elektryse ljocht baernde noch.
It jonkje lei noch yn deselde kaemer, mar nou wiene syn aegen sletten en hy forweechde him net. Der siet in suster by it bêd; krekt bûgde se har nei it jonkje oer en se krige it kliene polske beet. Soe er soms al wei wêze?
Sinteklaes kaem hwat tichter by. Nou seach er it klokje stean, it wiisde in fol ûre oan. Dalik soe it bigjinne to spyljen. Dêr klonken de earste toanen al troch de kaemer en stadichoan waerd it lûd helderder en suyverder.
It jonkje syn eagen kamen iepen...... "It muzyk...... einlings..." sei er sêft.
En it klokje spile troch, syn lûd klonk troch de kaemer, earst boartlik en derten..... it die jin tinken oan in sinnige dei yn 'e maitiid, oan in fjild mei blommen, hweryn jonge famkes songen en dounsen.....
Stil bleau it jonkje lizzen to harkjen, syn mûle lake..... syn eagen glânzgen.....
En noch foller waerd it muzyk...... Nou wie it de soele simmerwyn dy't troch de beammen rûsde, dy't de blêdden sa heimich en wûnderlik risselje liet.
Mar dan waerd it lûd stadichoan fynder, oant it op it lêst weiwaerd yn in sêfte teare klank. It muzyk wie nou as in leave fé, dy't seinjend de hannen útstiek.....
"Moai...... o hwat moai......." sei it jonkje noch, doe foel syn holle op side..... ien sucht en hy wie net mear....... mar op it smelle antlit lei in lokkich glimke. De suster aeide 'm efkes mei in hân oer de foarholle, hja hie triennen yn 'e eagen.......
Mar Sinteklaes wie bliid, bliid omdat er it klokje by dit bern brocht hie, hwant it hie syn lêste eagenblikken forlichte en moai makke.
En tofreden gyng Sinteklaes wer fierder.